Wer spul by sirkus Belly Wien

Krekt as yn Snits is der ek yn Hoogezand spul ûntstien by Sirkus Belly Wien. De plysje moast der dêr oan te pas komme om in fjochtpartij del te bêdzjen. Oanlieding wie ek dêr de saneamde frijkaartsjes dy't it sirkus weijout. De lytse letterkes op dy kaartsjes melde dat minsken earst in stimpel helje moatte en dan docht letter bliken dat minsken dochs noch betelje moatte.
It sirkus hat nochris tasein de regels dúdliker op de kaartsjes te setten.