Wymbrits yn heger berop

Wymbritseradiel giet yn heger berop tsjin de útspraak fan de rjochter dat jongereinketen yn 'e gemeente net langer tastien wurde meie. It Buro Earlike Mededingen hie in rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente út namme fan Horeka Nederland. Keten soene neffens harren soargje foar ûnearlike konkurrinsje en de rjochter wie dat lang om let mei harren iens.
De gemeente is hjir bot fernuvere oer en fynt dat benammen it belang fan de jongerein net genôch meinommen is.