Gerard Speerstra giet nei Iran

21 maaie 2010 - 15:06

Gerard Speerstra hat in prinsipe- akkoart sletten mei it Iraansk turnbûn om sân Iraanske turntalinten te begelieden yn 'e oanrin nei it wrâldkampioenskip yn Rotterdam. Boppedat wol hy it turnjen nei in heger plan tille. Speerstra hat in kontrakt oant en mei it WK yn oktober.

It is de bedoeling dat Speerstra eltse moanne 10 dagen nei Iran ta giet om de talinten dêr by te stean. As it fan beide kanten goed foldocht, is de kâns grut dat Speerstra langer bliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)