Haulerwyk:ruten meie wer iepen

21 maaie 2010 - 14:48

De doarren en ruten yn Haulerwyk meie wer iepen. Ek hoege de minsken net mear binnendoar te bliuwen. Dat seit de plysje. Plysje-auto's roppe dit boadskip ek om yn it doarp Haulerwyk.

Boargemaster Oosterman fan Eaststellingwerf die freedtemoarn de oprop om doarren en ruten te sluten, omdat doe giftige reek oer it doarp luts. Dy reek kaam fan in fûle brân by it bedriuw Bolk Constructie oan de Turfsteker yn Haulerwyk. De brân wurdt bestriden troch acht brânwachtkorpsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)