Scherjon wint yn Bûtenpost

21 maaie 2010 - 13:52
  • Hannes Scherjon yn aksje yn Bûtenpost (foto: Martin de Jong)

Fierljepper Hannes Scherjon hat tongersdei de twadde FLB-wedstriid op syn namme set. Yn Bûtenpost sprong de Noardburgumer in ôfstân fan 17.91 meter en dêrmei wie hy de bêste senior.

Ferrassend wie dat regearend Nederlânsk kampioen Bart Helmholt him mei in ôfstân fan 16.82 meter net pleatste foar de finale. De fierste ôfstân fan de dei wie fan A-junior Nard Brandsma fan It Heidenskip. Brandsma sprong 17.94 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)