'Haulerwyk: ruten tichthâlde'

De brân yn Haulerwyk (foto: Harm Weistra - Omrop Fryslân)
Ynwenners fan Haulerwyk moatte binnendoar bliuwe en de doarren en ruten tichthâlde. Dat seit boargemaster Harry Oosterman fan de gemeente Eaststellingwerf.
Freedtemoarn bruts oan de ein fan de moarn in tige grutte brân út yn it bedriuwsgebou fan Bolk Constructie oan de Turfsteker. By dizze brân komt in bysûnder soad reek frij, dy't soargje kin foar yrritaasje oan kiel en eagen. Dy reek lûkt oer it doarp. De sirenes yn it doarp binne ek ôfgien.