'Skuld Dok18 troch gemeente'

21 maaie 2010 - 12:21
  • It Dokkumer teater Dok18 is no ticht

It is de skuld fan de gemeente en behearder Oosterpoort dat teater Dok18 no ticht is. Dat seit útbater Peter Roemers. In konflikt oer it beteljen fan de enerzjyrekken hat der foar soarge dat Roemers fan de rjochter net mear as útbater fierder mei.

Hjirtroch giet it optreden Tribute to the Cats net troch. De webside fan Dok 18 is út de loft en ek de tillefoan wurdt net mear opnaam. Roemers hat 25.000 euro hier ynhâlden omdat er net opdraaie wol foar de enerzjyrekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)