Nije ferzje Cambuurboek klear

21 maaie 2010 - 12:08

De nije ferzje fan it Cambuurboek 'De slapende reus ontwaakt' is klear. De earste útjefte waard ôfrûne moanne ynholden en ferneatige omdat it boek fol flaters stie. Sa doogde in tal einstannen fan wedstriden net en stiene ek ferkearde nammen yn it boek. Ek tilde it op fan de tikflaters.

De ôfrûne wiken hawwe de skriuwers Klaas Jansma en Marianne Velsink hurd wurke om al dy flaters derút te heljen. Yn de nije ferzje is ek de lêste kompetysjewedstryd meinommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)