Wurkleazens mei 5 % sakke

De wurkleazens yn Fryslân is yn april mei 5 persint sakke oant 21.869 wurksykjenden. Lanlik wie der in delgong fan 2,3 prosint. Ek yn maart gie it tal wurkleazen nei ûnderen.
Neffens útkearingsynstansje UWV wurdt de delgong benammen feroarsake troch seizoensynfloeden. De grutste delgong die him foar by de boufakkers, yn de agraryske sektor en by de wegebouwers. Yn ferliking mei ferline jier om dizze tiid is de wurkleazens yn Fryslân noch altiten mear as tsien persint heger.