Kruiswijk nei Hearrenfean

21 maaie 2010 - 10:34
  • Arnold Kruiswijk yn it shirt fan Roda JC

Arnold Kruiswijk makket de oerstap nei SC Hearrenfean. De 25-jierrige linker sintrale ferdigener is nei Bas Dost de twadde nije oankeap fan Hearrenfean. Kruiswijk spile it ôfrûne heal jier op hierbasis foar Roda JC, mar wie eigendom fan Anderlecht. Dêr koe hy yn twa seizoenen net oertsjûgje.

Foar Ron Jans is Kruiswijk gjin ûnbekende. Fan 2001 ôf spile Kruiswijk 6 seizoenen foar FC Grins, dêr't Jans doe trainer wie. Kruiswijk hat in kontrakt tekene foar 4 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)