2 jonges oppakt op Laweifeest

21 maaie 2010 - 10:00

De plysje hat tongersdeitejûn by de fiering fan 50 jier teater De Lawei yn Drachten twa jonges oppakt. Dy krigen by it feest op it Kiryat Onoplein spul mei-inoar. De plysje naam se mei nei it buro, mar dêr seagen beide ôf fan it dwaan fan oanjefte. De plysje hat se dêrom wer frijlitten.

Op it feest kamen sa'n 5500 minsken ôf. De plysje wie mei trettjin meiwurkers oanwêzich, neist meiwurkers fan in befeiligingsbedriuw en frijwilligers fan De Lawei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)