Teater Dok18 ticht

Teater Dok18 yn Dokkum
Teater Dok18 yn Dokkum is sûnt ôfrûne moandei ticht foar it publyk. De hierder hat in hierskuld fan sa'n 75.000 euro. De eigner fan it pân, Oosterpoort BV yn Dokkum, hat de kantonrjochter opdracht jûn om de hieroerienkomst op te sizzen. It teater is noch mar oardel jier iepen. Der stie noch ien optreden yn de planning, mar dy is ôfsein. Oosterpoort BV is yn petear mei trije nije kandidaten om de eksploitaasje fan teater Dok 18 oer te nimmen.