Kuub Art giet net troch

20 maaie 2010 - 16:42
  • Kuub-art giet oer

It kulturele evenemint Kuub Art yn it doarp Kûbaard giet net troch. Der binne mar kwalik oanmeldings. Kuub Art soe yn july wêze. Minsken koene in wike lang keunstkursussen folgje. Dêrfoar moasten se dan goed 500 euro dellizze. Foar de doarpsbewenners is it fergees.

De organisaasje wol no besykje om it evenemint takom jier te hâlden. Neffens Monique Verbruggen spilet de resesje mooglik in rol by it lege tal oanmeldings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)