Dolende Ridder giet ticht

20 maaie 2010 - 13:29

It lytste teater fan Nederlân bestiet fan 1 juny ôf net mear. De Dolende Ridder oan de Alddyk slagget der net yn om genôch parkearromte te finen foar de besikers. Yn it teater kinne fjirtich minsken en foar dy minsken binne alve parkearplakken nedich.

Eigner Wijdeveld fynt dat it net langer ferantwurde is om de auto's yn 'e berm oan de Alddyk del te setten. Sadwaande moat er de doarren fan it teaterke slute.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)