Hearrenfean einiget as lêste

De frouljusseleksje fan sc Hearrenfean (foto: Martin de Jong)
It frouljusteam fan Sportklup Hearrenfean is as lêste einige yn de earedivyzje. Hearrenfean dield it lêste plak mei Utrecht mei 18 punten.
De lêste wedstriid waard tsjin FC Twente mei 3-3 lykspile. Hearrenfean kaam trije kear werom fan in efterstân. Sylvia Smit en Cynthia Beekhuis makken de goals. Koart foar tiid like Twente de winnende 3-2 te meitsjen. Troch in goal yn blessueretiid fan ynfalster Sishut Hau waard it noch 3-3.