Hoop foar metalfestival foarby

19 maaie 2010 - 23:10

It metalfestival 'Into the grave' giet definityf net troch. Fan ferskillende kanten waard hope dat de gemeenteried fan Ljouwert beslute soe om dochs grien ljocht te jaan, mar neffens boargemaster Ferd Crone is it yn augustus wier net mooglik. Der binne dan te folle aktiviteiten en dêrtroch is der te min plysje beskikber.

De orginaasje is swier teloarsteld en sil beswier oantekenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)