Rouvoet posityf oer NE-Fryslân

19 maaie 2010 - 22:38
  • Demisjonêr minister Rouvoet mei boargemaster Van der Zwan (foto: Binne Louw Katsma)

Demisjonêr minister Rouvoet fynt de oanpak fan de krimp en de ekonomyske ûntwikkeling yn noardeast Fryslân in foarbyld foar it hiele lân. Rouvoet wie woansdei mei de ChristenUnie op kampanje yn Fryslân. De provinsje en de fiif gemeenten yn noardeast Fryslân presintearren dêr har sosjaal ekonomysk masterplan foar de takomst.

De kearn dêrfan is in bondeling fan krêften en jild fan provinsje, gemeenten, ûndernimmers en oare organisaasjes yn de regio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)