Polyklinyk De Lemmer súkses

De minsken witte de polyklinyk goed te finen
De polyklinyk fan sikehús De Tjongerskâns op De Lemmer is in súkses. De polyklinyk is yn febrewaris iepene en der hawwe har yn de earste trije moanne goed 300 nije pasjinten meld.
Minsken út de omjouwing fan De Lemmer kinne yn de polyklinyk terjochte foar ferskillende spesjalisten, lykas in neurolooch, kardiolooch en in bernedokter. Mar der kinne ek ûndersiken dien wurde lykas echo's en longfunksje-ûndersiken.