Fragen oer Frysk yn rjochtbank

19 maaie 2010 - 18:48

CDA-keamerlid Joop Atsma sil fragen stelle oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank. Dat is yn ús lân in rjocht, mar dochs giet dat noch wolris mis.

Thom de Groot fan Grou frege dizze wike yn de rjochtbank fan Ljouwert oan de rjochter oft hy Frysk prate mocht. De rjochter antwurde fan ja, mar sei der fuort by dat de offisier fan justysje fan Zwolle kaam en it Frysk net ferstean koe. De Groot is doe yn it Nederlânsk fierder gien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)