Mear swimplak yn bûtenwetter

19 maaie 2010 - 14:00

It tal swimplakken yn it bûtenwetter fan Fryslân nimt ta. Dat sei deputearre Adema woansdei by de iepening fan it nije swimplak de Swaneblom by Slappeterp.

Neffens Adema binne der op it stuit 48 plakken dy't goedkard binne en dat betsjut dat der dit jier wer twa by kaam binne. Oer it generaal is it swimwetter bûten fan hege kwaliteit, sa sei de deputearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)