Media Artfestival stiet faai

19 maaie 2010 - 12:20

It Media Artfestival krijt nei alle gedachten gjin tastimming fan Ljouwert foar de útstalling yn De Blokhúspoarte. Neffens de gemeente binne de romtes net feilich genôch foar grutte groepen besikers. Foarich jier krige it festival tastimming mei as betingst dat op guon plakken net mear as 10 besikers tagelyk kamen.

Media Art sil gau mei de gemeente prate. Earder krige de organisaasje foto-útstalling Noorderlicht nul op it rekest fan de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)