Aksje jongeren by besite Cohen

De jongere-organisaasje fan de SP sil demonstrearje by de besite fan PvdA-listlûker Job Cohen. Dy komt tongersdeitejûn foar in sprekbeurt nei Ljouwert. De jongere-organisaasje grypt dy besite oan om te demonstrearjen tsjin it ôfskaffen fan de stúdzjefinansiering.
Neffens de organisaasje sil it plan fan de PvdA om de beurs om te setten yn in liening ta skea wêze fan de studinten.