Jongeren ferspriede berneporno

In fjirdepart fan de fersprieders fan berneporno is tusken de 12 en 24 jier âld. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden. It byld dat it altyd om âldere mannen giet, kloppet net alhiel. Jongeren sette bygelyks filmkes op ynternet om ien werom te pakken of te narjen.
De Ljouwerter studinten ha yn opdracht fan it Korps Landelijke Politie Diensten 650 dossiers fan misdied op it ynternet besjoen.