Nominaasje foar Antonius

19 maaie 2010 - 10:28

It Antoniussikehûs yn Snits en Emmeloard is nominearre foar in lanlike aptekerspriis. De nominaasje is bedoeld foar de software dy't it Antonius ûntwikkele hat om maachproblemen troch medisinegebrûk foar te kommen. Neist problemen foar pasjinten kinne dêrmei ek kosten besparre wurde, om't minsken net behannele hoege te wurden oan 'e mage.

Neist it Antoniussikehûs binne der noch twa nominearden foar de priis. Dy wurdt op 3 juny útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)