Zonnebloem wol mear leden

De Zonnebloem begjint in telefoanyske aksje yn Fryslân om leden te winnen. Doel is troch in heger ledetal mear aktiviteiten organisearje te kinnen. Neffens De Zonnebloem nimt de fraach nei aktiviteiten foar siken en handikapten noch hieltyd ta.
Neist de nije leden is De Zonnebloem ek op syk nei frijwilligers en bestjoersleden. De organisaasje fierde ferline jier syn 60-jierrich bestean.