Plysje fisket mannen út wetter

By de Flietsterbrêge yn Ljouwerter hat de plysje tiisdeitenacht fjouwer manlju út it wetter helle. It giet om de bestjoerder en trije ynsittenden, De plysje achterfolge dy't earst op It Hearrenfean sjoen waard. Plysjes woene de auto kontrolearje, mar de bestjoerder ried hurd fuort.
Yn Ljouwert fûn de plysje de auto yn de grêft. De bestjoerder, in Ljouwerter (20) is oanhâlden. Ek in Roemeen (26) dy't yn de auto siet, is oppakt. Hy is in bekende fan de plysje.