Mystearje reade mieren oplost

De reade mieren dy't de lêste tiid yn Drachten opdûke, binne in kado foar teater De Lawei. De skouboarch fiert tongersdei it 50-jierrich bestean. It kado komt fan de gemeente en in tal bedriuwen.
De mieren binne betocht troch keunstner Henk Hofstra út Drachten. Dy spuite begjin maaie de earste mieren op diken yn Drachten. Der binne 500 skildere. Henk Hofstra betocht earder de blauwe dyk yn Drachten en de spegelaaien op it Ljouwert Saailân.