Kampanje tsjin rûp
Helpferlieningstsjinst Fryslân komt yn seis Fryske gemeenten mei in warskôgingskampanje foar de ikeprosesjerûp yn de natoer. Skoallen yn West-en Eaststellingwerf, Hearrenfean, Skarsterlân, Smellingerlân en Opsterlân krije ynkoarten in brief wêr't op let wurde moat by de rûp.
Ek sil Helpferlieningstsjinst Fryslân posters ophingje by húsdokters en kampings.