Belch fotografearret Fryslân

18 maaie 2010 - 16:32
  • Earder wurk fan Vanfleteren

Yn it Fries Museum yn Ljouwert is dizze simmer in tentoanstelling te sjen fan 'e Belgyske fotograaf Stephan Vanfleteren. Hy hat de opdracht krigen Fryslân op de foto te setten sa't hy it sjocht. It is de tredde kear dat sa'n opdracht jûn is. Yn 2003 en 2005 diene fotografen Han Singels en Theo Baart dat. Op Vanfleteren syn foto's binne in soad portretten en Fryske lânskippen te sjen. De tentoanstelling is te sjen fan 27 juny oant en mei 29 augustus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)