Formido Ljouwert wer iepen

18 maaie 2010 - 15:12

De Formido oan de Elzenstrjitte yn Ljouwert giet yn 'e rin fan nije wike wer iepen. De saak wurdt foarearst exploiteard troch de holding fan de Formido-winkels. Doel is de saak oer te dwaan oan in franchisenimmer. Der binne genôch gadingmakkers, mar de finansiering moat noch regele wurde, seit in wurdfierder fan 'e holding.

De holding set dizze wike út ein mei de werving fan personiel. Dêrnei moat de winkel sa gau mooglik wer iepen gean, sa is it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)