Stik seedyk fuort foar proef

By Ferwert wurdt by wize fan proef in stik seedyk fuorthelle. It giet om blokken fan 10 ton klaai. Mei frachtweinen wurde se nei de Noardeastpolder brocht. Dêr bout ûndersyksynstitút Deltares de dyk wer op om te sjen oft er oer hege golven kin. Se binne 2,5 meter heech en wurde makke mei in spesjale ynstallaasje. De gatten yn de seedyk wurde wer tichtmakke. De útkomsten fan 'e proef binne foar bettere dykbeskerming yn 'e takomst.