Tûmba siket donateurs

Tûmba hâldt in kaartaksje om donateurs te krijen. De organisaasje yn Ljouwert fersoarget in meldpunt foar diskriminaasje, komt op foar flechtlingen en set him yn foar wrâldboargerskip. Mar de subsydzjes driigje op te hâlden. De PVV pleite der yn 'e Keamer sels foar hielendal gjin jild mear te jaan.
Der binne seistûzen donateurskaarten ferstjoerd oan in grut ferskaat oan ynstellings en persoanen. Der binne noch mear kommendeweis.