Warskôging autoynbrekkers

18 maaie 2010 - 10:28

De plysje warskôget ynwenners fan Harns en Frjentsjer foar auto-ynbrekkers. It ôfrûne wykein brutsen dieven yn Harns fiif parkearde auto's iepen. In wike earder wie dat it gefal yn Frjentsjer.

De dieven namen radio- en navigaasje-apparatuer mei. De plysje freget tsjûgen kontakt op te nimmen. Fierders moatte minsken 112 belje as se wat fertochts sjogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)