Man út Boerum fermist

18 maaie 2010 - 09:59
  • Michael Karel de Vrieze
  • De auto fan 'e fermiste Boerumer

De plysje ûndersiket de fermissing fan de 45-jierrige Michael Karel de Vrieze fan Boerum. Der wurdt rekken hâlden mei in misdriuw. Dêrom binne 25 resjersjeurs op 'e saak set.

De Vrieze is sûnt sneon 10 april net mear sjoen. It is net bekend wêr't syn auto is. De plysje wit wol dat de auto op 12 april te hurd riden hat. Dat wie yn Grinslân. Op 16 april is mei syn bankpas jild opnaam yn 'e stêd Grins. De saak komt tiisdei yn Opsporing Verzocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)