Hout falt fan oanhingwein

18 maaie 2010 - 09:43

In 35-jierrige autobestjoerder hat moandei op de provinsjale dyk by Donkerbroek in lading hurdhout ferlern. De man ried oan it begjin fan de jûn mei in oanhingwein fol hout oer de N381.

Yn in flauwe bocht begûn de oanhingwein te slingerjen en bedarre yn 'e berm. It hout foel fan 'e karre. De auto en de oanhinger hiene skea. Se binne troch in bergingsbedriuw ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)