Phinney wint prolooch It Fean

Sierk Jan de Haan ûnderweis (Sportfoto.nl)
Sierk Jan de Haan, René Hooghiemster en Sipke Zijlstra, de trije Fryske hurdfytsers dy't moandeitejûn op It Hearrenfean oan Olympia's Tour begongen, hiene gjin antwurd op de macht fan Taylor Phinney.
De Amerikaan, twafâldich wrâldkampioen op de yndividuele baanachterfolging, raffele de 10 kilometer lange prolooch ôf mei in snelheid fan boppe de 51 km de oere. De Haan waard 25e op krekt mear as in minút, Hooghiemster 82e en Zijlstra 111e.