Skoaleksamens wer los

Konsintraasje by eineksamenkandidate yn Boalsert
De skoaleksamens binne wer útein set. En dat betsjut in spannende tiid foar tûzenen Fryske learlingen. Op it Marne College yn Boalsert stie foar de VWO-learlingen moandei it eksamen Nederlânsk op it programma.
Dochs wol wat senuweftich siket elk syn plakje yn de gymseal fan it Marne College yn Boalsert. De learlingen hawwe it trije oeren lang oan tiid om fragen oer teksten te beantwurdzjen en in gearfetting te meitsjen.