Fertochte Club Q langer fêst

17 maaie 2010 - 16:56

De twadde fertochte yn de saak Club Q bliuwt noch seker 2 wiken fêstsitten. De jonge (17) út Feanwâlden is moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy seach genôch reden syn foararrest te ferlingen. De jonge wurdt fertocht fan belutsenens by de dea fan Redmar Smedema (16) fan Burgum. Dy ferstoar nei in fjochtpartij yn de diskoteek yn Noardburgum. Gerard Dijkstra (20) rekke dyselde jûn swier ferwûne. Foar de saak sit ek noch in ynwenner fan 18 jier út Damwâld fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)