Haga steatelid ChristenUnie

17 maaie 2010 - 16:48

De steatefraksje fan 'e ChristenUnie wurdt fan 26 maaie ôf fersterke troch de Anja Haga (33). De Ljouwerter politika folget Sicco Boorsma op dy't wethâlder wurdt yn Dongeradiel.

Anja Haga is al langere tiid warber foar de ChristenUnie. Sa wie se ek lid fan de steatekommisje Boarger en Mienskip. Foar har politike karriêre wie Haga aktyf yn de yn- en ferkeap fan medyske aparatuer by ûnder oare it MCL yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)