Ynbrekker Hommerts oanhâlden

In man (29) út Wolvegea is snein troch de plysje oanhâlden fanwege in ynbraak op De Hommerts. De man ried op in bromfyts troch Jutryp. Omdat der bloed op syn holle siet, hiene foarbygongers de plysje belle. Doe't dy kaam ferklearre de man dat er by freonen twa laptops weihelle hie. Omdat syn freonen net thús wiene hie er in rút ynslein en rekke er ferwûne doe't er troch it rút nei binnen gie.
Fanwege syn ferwûnings is de man mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.