Manlju springe út ridende auto

Fjouwer manlju binne sneintenacht oan de plysje ûntsnapt troch út in ridende auto te springen. De manlju rieden op de A7 by It Hearrenfean en krigen in stopteken omdat se te hurd rieden.
Op de flechtstrook giene de doarren fan 'e auto iepen en sprongen de fjouwer manlju út de auto. De plysje gie der fuortendaliks achteroan. It sette dêrby twa plysjehûnen en in waarmtekamera yn om de manlju op te spoaren. Dat slagge lykwols net. De auto is foar ûndersyk yn beslach naam.