Ljouwerters oppakt mei wapens

17 maaie 2010 - 10:37

Twa Ljouwerters fan 19 en 21 jier binne snein oanhâlden yn Ljouwert omdat se wapens by har hiene. It gie om in mes en in nepfjoerwapen. De plysje hie in melding krigen dat der wapens yn 'e auto fan de manlju leine. Op de Schouwstrjitte hâlde de plysje de auto oan.

Plysjes fûnen de wapens doe't se de kofferbak kontrolearren. De wapens binne yn beslach naam. De iene man (21) sit fêst, de oar (19) is wer frij omdat de wapens net fan him wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)