Fleanfjild Eelde sletten

17 maaie 2010 - 09:00

It fleanfjild fan Eelde is sûnt moandeitemoarn acht oere sletten foar al it fleanferkear. De oarsaak is de jiskewolk fan Yslân. Der soene moandeitemoarn fjouwer fakânsjefluchten en ien lijntsjinst ôfsette fan Eelde.

De fakânsjefluchten binne ferpleatst nei it fleanfjild fan Münster yn Dútslân. De reizgers wurde mei bussen nei Münster ferfierd. It is noch net te sizzen hoe lang it fleanfjild krekt tichtbliuwe sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)