LDODK kampioen op it fjild

De kuorballers fan LDODK binne snein kampioen wurden fan de oergongsklasse. Op it keunstgers fan De Gordyk waard DOS/WK út Enschede mei 19-9 ferslein. De thúsploech hie in stroef begjin, mar wie dochs folle better as de tsjinstanner. Healwei wie it 11-4 foar de ploech fan trainer Gerald Aukes.
LDODK waard yn de seal ek al kampioen. Op it fjild komt de ploech takom seizoen út yn de haadklasse. Mid-Fryslân, 22-11 winst by CSL, is hast ek wis fan promoasje.