Circusclown jout famke klap

In clown fan sirkus Belly Wien is sneon yn Snits oppakt om't er in famke fan 14 út Skearnegoutum yn it gesicht slein hat. Der wie opskuor oer frijkaarten foar it sirkus, dêrtroch ûntstie der gedrang en foel in stek om. It famke achter it stek krige dêrop in klap fan de clown. Ek in oare meiwurker fan it sirkus wie agressyf.
Mei-inoar ha trije minsken oanjefte dien fan mishanneling. De twa belutsen meiwurkers fan it sirkus binne meinaam nei it plysjeburo.