Wynmûnen Nijefurd op sêft sin

Foto: Omrop Fryslân
Yn Nijefurd kinne foarearst gjin groepkes wynturbines komme. De gemeente wol dêr gjin beslút mear oer nimme. B en W fine dat de nije gemeenteried fan 'e fúzjegemeente yn de Súdwesthoeke him der letter noch mar ris oer bûge moat. De provinsje moat earst mar ris mei nij belied komme.
Der binne plannen foar nustjes wynmûnen by Koudum, Warns en Molkwar. De gemeenteried praat takom wike tiisdei oer de saak.