Man falt út heechwurker

In 59-jierrige man út Nijhoarne is sneontemiddei ferwûne rekke doe't er út 'e bak fan in heechwurker foel. It slachtoffer wie oan it wurk op in boerepleats oan De Houtwallen. Mei de heechwurker waarden stielen balken nei it dak fan in lisboksstâl brocht.
De man stie yn 'e bak fan 'e heechwurker. Dy koe it gewicht net drage en bruts ôf. It slachtoffer en de balken foelen nei ûnderen. De man rekke ferwûne oan syn boarstkas. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.