Racefytser klapt achterop auto

Foto: Jochem Wiersma
In 63-jierrige racefytser út it Drintske Annen is sneon ferwûne rekke by in oanriding yn Eanjum. In 37-jierrige autobestjoerder fan It Hearrenfean ried stadich oer de Camminghawei, om't er fûgels sjen woe. De hurdfytser hat de auto nei alle gedachten net sjoen, want hy klapte fol op de achterkant fan 'e auto.
Troch de klap bruts syn fyts midstwa. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Omdat er in helm op hie, foelen de ferwûnings ta.