Mear dielnimmers FK angeljen

Foto: site visseninfriesland.nl
It Frysk Kampioenskip wedstriidfiskjen wurdt hieltyd populêrder. Dit wykein diene 129 dielnimmers mei. Dat binne tsien mear as ferline jier. Ofrûne sneon waard de útslach bekend makke yn kafeeseal De Streek yn Tsjalbert. Net elke fisker hie like folle fisk fongen, mar de measten kamen dan ek foar de wille.
Frysk Kampioen 2010 is Wiebe Rusticus út Kollum. Hy fong 12,5 kilogram. It Nederlânsk Kampioenskip wurdt letter dit jier ek yn Fryslân hâlden.