Kuieralvestêdetocht wol groeie

15 maaie 2010 - 18:15
  • Foto: Omrop Fryslân

De Alvestêdetocht foar kuierders wol yn twa jier tiid groeie nei 3000 dielnimmers. Dit jier wiene dat der sawat 1300. Ungefear 800 hawwe alle fiif dagen meirûn. De 500 oaren hawwe ien etappe meidien. Yn dy groep siket de organisaasje ek benammen de groei.

De lêste etappe wie sneon, fan Dokkum nei Ljouwert. Meielkoar wiene der in lytse 50 útfallers. Sneon wie ek de Alvestêdetocht foar roeiers en dy fan de âlde auto's en motors. Oan dy lêste diene 400 auto's mei en 200 motors.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)